Aktiviteiten

img_0402

Buertgenoaten fan de Sumarreheide,
Op de jiergearkomste is it aktueel hâlden fan de webside besprutsen.
Der komt in nije rubryk by, mar der hawwe wy jimme help wol by neadich.
Us webmaster Wolter Kloosterman sil foarearst nije bewenners freegje om wat oer harren sels en it hûs en hiem te fertellen.
Dernei komme ek de oare bewenners oan bar en wurdt er in begjin makke mei it meitsjen fan foto’s fan jimme as heidebewenners by jimme hûs.
Wolter sil jimme sels benaderje.
Mei freonlike groetnis.
It bestjoer

Juni 2015

Groetnis
Ferskes ut de refu’s troch de jierren hinne(tenei mear)

DE SWALKER 
hjerstwyn ruzet troch de beammen ik swalkje lans de wei de wolken foar de moanne dy reizgje gysten mei de paden binne tsjuster de nacht is kald en klam jongfeam stiet mei har frijer to tütsjen yn in deam
ik swalkje lans de wegen en wit net hwat my driuwt ik swalkje yn gloppen en stegen mar d’ ünrêst yn my büuwt oeral troch de gerdinen skynt giel it waerme Ijocht ik kin gjin thus mear fme ik swalkje om ‘e nocht
Tc ha mennich kear in famke by joun nei hüs ta brocht mar seach altyd in oare dy ’t my noch better tocht nou bin ‘k aid en aUinnich oerbleaun fen d’ aide ploech en sykje sed fan ’t swalkjen myn rêst mar yn in kroech
dêr binne genoch maten ek swalkers oer de wei de grammofoanmuzyk nimt myn soarch en tinzen mei mar is it tiid fan sluten dan waecht wol dübeld swier it swalkjen oer de wegen yn dizze tiid fan ’t jier

 

HÜNETIPPELZONE 

De lytse buorren oan ‘e rane sa’n bytsje tusken dyk en tün dêr is de hünetippelzone dêr rinne hünen op ‘e strün dêr hingje hiele fijemde geurkes de measte hünen wurde sljocht en yn allerhande kleurkes leit dêr wat in hün dêr docht
al rint Kkske kreas in rüntsje
har hüntsje skyt yn eigen tün
en Jan en Foekje harren hüntsje
giet leaver seis wat op ‘e strün
Pyt en Janny’s aide knarre
rint net sa goed, mar da’s gjin strop
sy lüke ’t hüntsje yn in karre:
dan stiet de wrald dochs op syn kop
refrein: in hüneriem dy hat twa einen
ien foar de hün, ien foar de hdn
en fan dizze beiden
hat it hüntsje grif it meast ferstan 

wat is it dat dy hünbesitter wer hyltyd nei dit gers ta lukt binne’t al dy hünesnjitters wêrtroch’t de wrald opwinend rükt of wanke wylde avontoeren jo witte feaks net hoe’t it kin mar gauris op de fijemdste oeren komst dêr de fijemdste minsken tsjin

soms moatsto nedich efkes paffe of foar in praatsje op in paad dan litst de hüntsjes mar wat blaffe dy hawwe sa har eigen praat elk minske hat ferlet fan oandacht dat’s krekt itselde foar in hün as dat net slagget leit as oanklacht de hünestront noch op ‘e grün

sa komsto Toet ek faak temjitte want dy giet grutte slaggen om har Jan dy lit it samar sitte giet nei tsien meter al werom mar Toet en Likeltsje dy rinne mei harren hüntsjes elke dei do moatst wol tusken beide hinne elk brükt in kant fan de wei

 

MYN FAMKE

famke, myn famke, hoe kin dit sa gau
krekt wiesto in bern noch en no hist in frou
sa ’n moai krigel pykje, sa ’n hippert, sa ’n spjucht
en no in jong frommis wêr’t mannich man nei sjucht
hoe kin soks sa hurd gean, wêr mist’ ik de boat noch mar hiel krekt lyn siest’ by my op ‘e skoat boartest mei bar by’s en büten yn’t san no sitst’ op ‘e bank mei dyn freon, han yn han
famke, myn famke, gean noch net by my wei bHuw efkes bern noch en fiel dy noch frij dat libben mei him, is noch hiel lang ’t idee datsto fuort giest, makket my bang
tuskenspul:
ik wit it myn famke, ik lit dy dochs gean
want do wolst fansels op eigen fuotten aanst stean
do silst it wol réde, deroer ha ‘k gjin noed
mar hoe giet soks mei memmen, komt dat wol wer goed

Wat sudlik fan Sumar dêr leit de Heide
dêr wenje minsken o sa nei har sin
foar eltsenien in hiem en in moai hüske it libben is hjir wier nocb net sa min foar eltsenien in hiem en in moai hûske it libben is hjir wier nocb net sa min
wy meie hjir sa graacb wat sjonge en alje
en foarmje no üs eigen shantykoar
foar jong en aid, foar manlju en foar froulju in droege kiel? dêr is de biertaap foar! foar jong en ald, foar manlju en foar froulju in droege kiel? dêr is de biertaap foar!
soms is it drok, ja suver swart fen minsken dy fierehjir wol trije dagen feest
dêr ’t alles tót yn t teken^feest
dêr ’t alles tót yn ’t tekent itfeest
en elts jier wer ha wy op Pinkstermoandei
de autocross, wat giet it der omwei
de auto’s raze en skuorre trocb de modder ek Wierd dy raast en skuort de hiele dei de auto’s raze en skuorre trocb de modder ek Wierd dy raast en skuort de hiele dei
op aldjiersdei, dêr op it lan fen Hille
dêr sjitte wy it jier út mei carbid
de jongerein hat dan de measte wille der is net ien dy ’t dêr raar guod om skyt de jongerein hat dan de measte wille der is net ien dy ’t dêr raar guod om skyt
de Heide hat in hecbte buertferiening dy docbt fan alles hjir foar jong en ald
fuort mei de boat, in puzzeltocbt op fytsen en mannicbjün foar wa ’t fan bingo haldt fjuort mei de boat, in puzzeltocbt op fytsen en mannichjün foar wa ’t fen bingo haldt
en om it jier stiet hjir in grutte tinte
it Heidefeest hat üs dan yn ‘e macht
dat kin foartoan no yn De Smüke Hoeke us eigen buertbus, is it net in pracht! dat kin foartoan no yn De Smüke Hoeke us eigen buertbus, is it net in pracht!

SKUTELS
refrein: der hat hjir op ‘e Heide
sa ’n flean’nde skütel west dy hat hjir grif syn aaien lein dat liket net sa best
want wêr ‘st ek komst, de trambaan del
of op ‘e Lytse Buorren
hast oeral sjuchsto hjoeddedei
sa ’n skütel oan ‘e muorre
de bern groeie der no mei op
en fine ’t al gewoan
fen moarns betiid öf stiet dan ek
de tillevyzje oan
de skütel fult har kopkes
mei bylden nachts en deis
aanst gean sy mei har sküteltsjes
nochris op romtereis!
mei’ jo graach tillevyzje sjen refrein: dan moat jo oan ‘e kabel mar de Sumarreheide is foar kabel net rendabel
en dus soest tinke, dan mar net! mar nee, sa stadichoan skaft hast eltse heidepyk himsels in skütel oan
refrein:
sa’n skütel fol kanalen jout programma’s by de rüs en dus is it feak oarloch en striid yn mannich hüs wa ’t de zapper hat kin kieze hat de macht en knipt mar ta dus mar ^ochtsje om dy zapper elts wol him yn bannen ha
refrein:
jüns let baarnt op ‘e Heide yn in bulte huzen Ijocht de frou is al op bêd gien de man is it, dy ’t sjocht hy leit foar in natoerfilm fol erotyk en sa mar oan syn eigen erotyk komt hy dus net mear ta
refrein:

SINNEBANK – LIET
refrein:
O, O, O, wat bisto brün
fan dyn beide fytse teannen oant dyn krün
en alles wat dêr tusken sit
hoewol ’t ik dat net seker wit
sa ’n moai kleurke krijsto grif net yn ‘e tün
O, O, O, wat bisto brün
guon minsken bin ferslave
oan ‘e drugs of oan ‘e drank
mar dêrfan hawwe wy hjir noait gjin hinder
der bin der ek dy bin ferslave
oan ‘e sinnebank
en sis no seis, dat is dochs folie minder rint Anneke
op ‘e dyk as brune heidepyk dan sjongt de hiele klyk
refrein:
ast hjir soms bütendoar komst
knypst de noas ticht fen de stank
want it NTF dat giet wol troch mei stjonken
dus dan mar yn ‘e hüs en gau op ‘e sinnebank
want oars soest dy skamje foar dyn wite skonken
rint Boudien hjir op ‘e dyk
wer sa ’n brune heidepyk
dan sjongt de hiele klyk
refrein:
it waar by üs yn Fryslan
dat bat in minne klank
hjir komt sawat de measte rein telane
dêrom lizze hjir safolle minsken op sa ’n sinnebank
om op dy manier har fel wat te ferbranen
rint Loekie op ‘e dyk
as in brune heidepyk
dan sjongt de hiele klyk
refrein:
de iene hat in briltsje
en de oare dy rint mank
elk minske hat syn lekken en syn brekken
mar der is in grut gebrek
en dat hyt fan sinnebank
dat is de kwaal fan brune-feltsje-gekken
rint Melle op ‘e dyk
as brune heidepyk
dan sjongt de hiele klyk
refrein:

FRIJGESELLE – LIET

dy frije frijgesellen binne hjir nimmen tg lèst bakke frikandellen en réde har fierder ek bést
minsken wat fine jimme no fen manlju allinnlch dy ’t Hbj’ as fiij man lokklch tinkt
net eltsenlen sa heal wils oars waard de Heide sa stil en sa griis
itliket de measte mSnlju net bést om jüns allinnlch yn it kalde nést mar guon dy wolle
sa iensum wol lizze dan ha sy it thus ek allinich foar ’t sizzen
refrein:
sjoch mar nei Hille, altyd yn ’t spier
ek sünder frommeske laket hy blier
wa wit sil it laitsjen him nochris fergean
in hüshaldster soe him dochs wier net misstean
dan ha wy ek noch Hille syn broer krekt dat is Wierd,
ja Wierd-skieppeboer dy jout om in frou yn ‘e hüs ek gjin stoer
fergelike mei skiep is in frou him te djoer
’t kin samar feroarje, sjoch Wierd de Vries dy hie jierren lang fan froulju in griis
doe samar ynienen röp Wierd fen “joho” en Arentsje kaam en Arentsje bleau
Gjalt wynt der gjin doekjes om, gewoan it frijfeinteiibben dat smakket
him skoan by in frommes dan fielt er him ünder de plak en seis soarget hy ek wol foar syn gerak.
refrein:
refrein:
Hat Anne-klokje fan froulju ferlet né,
want syn slokje ferruilet hy net it libben is moai, fynt er,
sa as frij man hy kin alles dwan, nimmen seit der wat fan
wer frijgesel is üs brave Domien hy haldt it foarlopich “wel voor gezien” en wol hy dêr al wer foaroaring yn ha dan set hy op ’t hüs “Huize Romantica ”
refrein:

 

AUTOCROS S – LIE T

wat is it dochs geweldich wat hjir sa’n middei hart standaardklasse, superklasse, en de massastart
mar de minsken oan ‘e kant dy seit dat allegear neat
dy wol Ÿngelokken sjen oer de kop o f yn’e sleat

ja, it is hjir o sa drok
en it giet der bot om wei
mar de minsken fan de buert dy helpe allegear’ mei
wy steane op Ÿs posten yn ‘e sinne o f de rein
en aanst krij wy in reiske,
dat bat Wierd o miners seis sein

de manlju stean te pisjen earne yn ‘e Ÿnderwdl
mar froulju dy’t ekmoatte fine soks dochs wat te mŸl dy steane bast in oere
foar it hŸske in ‘e rij
en dat leit al sa fol drollen der kin amper noch wat by

it jongfolk leit meiflessenbier te frijen yn it gers
en ha se wat te folie op
dan bin’ se soms wat dwers sy sjuch’ net nei de wedstriid mar hawwe wol fertier
de wille fan de autocross is seks, patat en bier
de minsken dy ’t hjir komme
dy komme oeral wei nimme seis har stuoltsjes en kratsjes bier soms mei mar Wierd wo l dat net lije oars wurdt syn omset neat
en WO 11e sy troch it lan der yn dan wurd’ sy grif wol keard

de berntsjes Ÿt ‘e buert dy strune troch it ¤ild
mei tassen fol mei fleskes dat giet om ’t staasjejild
ja de autocross dy bat Ÿs buert ferdivedaasje brocht
en wy krije ek noch in reiske dat hat Wierd seis sa betocht.

refrein:
it begjint te ronken, de wedstriid sil wer los blauwe walmen sijonke, de riders jouwe gas
de modder stoot, o, jasses, no dy is moai de klos de oare kant Ÿt ride, nee dat komt netfan pas
ien raamt him yn ‘e side, hy is no total loss de finish: dus noch even de poaten op it gas do kinst hjir wat beleve, hjir op ‘e autocross, autocross, autocross.

 

STJONKFABRYK – BLUES
ast foar’
t earst yn Sumar komst
dan tinkst: it rükt hjir al wat oars as oars ( 2x )
dat aaklike stjonkfabryk nirat ehsenien dêr by de noas
moat ik dêr al ris wêze
dan wol ‘k sa gau as ‘k kin nei hüs (2x)
mei frisse lucht
wer yn myn longen sjong ik de stjonkfabrike-blues
ofifel en deade bisten
dêr wurdt mei red en da’s wol goed (2x)
mar wêrom bringe se üt Dütsklan hjir noch de fearren en it bloed
it febryk wurdt hyltyd grutter
want mear omset jout mear winst (2x)
it fabryksbelang giet foar
it belang fan de minsken telt it minst
it fabryk dat krijt syn sin wol mei help fan’t gemeentlik bestjoer (2x)
Sumar sit yn ‘e foute zone en yn de ferkearde geurkontoer
dat dat fabryk sa stjonkt
dêr kin Sumar dochs neat oan dwaan ( 2x)
mar Sumar moat wol ferdwine en de stank dy krijt frij baan
hyltyd mear Sumarders
ferlieze troch ’t fabryk har hüs (2x)
sy ferhüzje nei de Heide
en sjong’ de stjonklabrike-blues

 

OANE KANT
der wei, der wei, der wei
jou my no gau frij paad
ik rin my net foar neat hjir üt ‘e naad
oan ‘e kant, oan ‘e kant, oan ‘e kant
en sjuch no net sa raar
en jou net fen dat domme kommentaar
wêr moat dat sa hurd hinne sa hurd wolst ek net rinne foar dyn baas, wol? hé lit dy net ferlakke se haww’ him al te pakken hdld mar op!
opzij, opzij, opzij,
laat mij er ook eens bij
ik loop je met het grootst gemak voorbij
echt waar, echt waar, echt waar,
dat flauwe kommentaar
dat hoefde er voor mij toch echt niet bij
it felt net
ta wol, jong, om hjoeddedei in keaper foar dyn hüs te finen? wat moast mei sa’n kondysje of wolst aanst ek by de plysje oan it wurk?
sjoch üt, sjoch üt, sjoch üt,
ik flean dy fier foarüt
al dript my aanst it swit ek fan de snüt
toe gau, toe gau, toe gau,
en doch no net sa flau
want al dat kommentaar knap ik op óf
hé, do giest fierste hurd as in plysjeman dat sjucht krijst in bekeuring! hé jong, gean nei in dokter do dochst dochs fierstedrok bist net normaal!

 

 

HEIDENAMMEN
yn it lan fen Hün en Prüken Kuork en Murd en Romke Skeit foarfertsjirmerij en spoeken haldt men fan gesellichheid iken walen, heech de diken brun de heide, toar de grün ryk oan carmen, earm oan riken hat dochs elk in grouwe hün
yn ‘e lange winterjünen pakt men lodd’en murdepyk en men strunt dan mei de hünen heal de nacht lans wal en dyk Else Stjonk en Kobus Poppe Japik Touke en Gjalt Kruk Grutte Jurjen, Lytse Foppe Wopke Put en Jukke Juk
’t binne nammen fan de heide
mar ferskate binn’ al dea .
Joane Poel is bisteweide ; Grute Kobus koe sa frette
bargespek mei grouwe earte en de man hat glansryk wün

 

KNILLES,

it wie op myn jierdei in jier as wat lyn dêr stoppe in auto, besite kaam yn ik krig’ fan myn suster, oars wol in skat as jierdeikadootsje in stobbekat
wy neamden him Knilles, mar bhid wien’ wy net want wy wurken beide, fan in kat gjin ferlet hy moast him mar rede, wde meast bütendoar dan stie er te miaukjen, mar fun gjin gehoar
en fen manieren hie Knilles gjin weet hy skiet en hy spuide yn ‘e hüs op it kleed hy biet en hy klaude it hüsrie kapot smiet fazen oan diggels, dat kring fan in kat
doe’t op in
jüntii
d myn baas by us siet stonk it ünder de tafel om ’t Knilles dêr skiet Klaas waard doe sa duvels, hy trill’ oer de lea hy röp; no noch ien kear dan knyp ik dy dea
tuskenspul
mar och al dy streken dy giene foarby
wy wenden oan Knilles, hy hearde der by
hy krige oan Bijke in freon fen komsa
en as ik jüns thüskaam, kaam hy bliid op my ta
mar doe op dy middei, it wie al ff ij let ik kaam thus yn ’t tsjuster, mar Knilles kaam net op ‘e dyk dêr fun Klaas him, sa kald en sa plat hy lei ‘m by de hage: moam graaf ik wol in gat
mar doe ’t it moams Ijocht wie, wie Knilles ferdwün Bijke dy tóge syn maat yn it rün doe haww” wy ‘m bedobbe, Byke jankte by’t gat dat wie d’ ein fen Knilles üs stobbekat.

 

 

FRIJERIJ
jonge froulju
geane der op üt op syk nei jonges en in dikke tüt der bin’ ek dy’t se hjir net fine kinn’ heidejonges binne harte min Hendrik, Roland, Andries, Jan bin’foar har gjin ideale man en ferkearing komt dêr fuort net fen
wy woll’ net lykas dy Eino en Luts
wy hald’ net fen ticht by hüs gepruts
foar heidejonges jouwe wy gjin stoer
wy bin’ gjin Agnes mei har Ronnie de Boer
fierder fuort dêr bin de jonges sè
dus woll’ wy wol in ein fytse, ja
want ferkearing komt dêr opüsta
de jonges hjir dy kinst dochs it béste dy kin wy dus krekt wat te bést in ein der om reizgje, dat wie wol myn léste fan ’t fytsen ha wy oars.niks gjin lést
heit en mem hiene dat fest net tocht
mar de jonges fen Bouma hawwe ’t hjir ek socht
al ferhuzen sy ek noch sa feak
hjir op ‘e heide wie ’t foar harren raak
eartiids wiene wy mei kameraden
O an’t tütsjeboartsjen yn ‘e bosk en paden
ja, ja, ja, ja, Eino en Luts
mmmmmmmm. ticht by hüs gepruts
ja, ja, ja, ja, nee gjin stoer
mmmmmmmm Ronnie de Boer
fierder firort dér bin de jonges sa dus woll’ wy wol in ein fytse, ja want ferkearing komt dêr op üs ta.

OP E HEIDE

refrein: op ‘e Heide, Sumarreheide is it libben net sa min op ‘e Heide, Sumarreheide hawwe wy it fro/ nei ’t sin
op ‘e Heide wennet it sa noflik de hüzen lyts, de liiemen frij wy foarmje hjir in hechte mienskip elk bhuwt himsels, mar heart derby
by elk hüske blaft der wol in Bijke hjir rinne hynders, swart en brün hinnen, kninen, skiep en geiten it is hjir krekt in bistetün
moatst net tinke dat wy hjir ferkomme wy libje hjir op béste grün it tilt hjir op fan bern en blommen de Heide bloeit, wy binne sün
de Heide is foar wurkeleazen
tinke bütensteanders gau miskyn
mar wy wurkje hurd en wa ’t gjin baan hat
kin noch wol wurkje foar Domien
en seit der soms ris ien üt Burgum O, jim komme dus fen Suameer Zuid dan is it: nee! fan Sumarreheide sa ’n ien dy hat it fuort by us ferbruid
yn Sumar stiet dat fabryk te stjonken de minsken ergeije har bünt en blau mar al wenje wy der ek flak njonken de stank waait altyd fan üs öf
hjir by üs op ‘e Sumarreheide dér is it libben echt noch goed wêr lynsto earne oars in buertsje dat sa ’n feest hat lykas wy hjir hjoed?