Wolkom 
dizze side is ferfarske op : 03-Jan-2012
In nijjier en nije dingen.
Alderearst wol ik alle heidebewenners in goed 2012 tawinskje en dat we as heidepiken der mar wer in moai jier fan meitsje meie.
Der stiet dit jier wer hyl wat op it program foar en troch jimme.
We binne begûn mei it nijjiersslokje ûnder de heakappe, en dan ha we yn de foarjiersfekansje de aktiviteiten foar de bern.
Ûndertusken binne wy ek al wer dwaande mei de tariedings foar it Heidefeest,
en dat sil dit jier hâlden wurde op saterdei 7 july 2012 hoe en wat/wer dit barre sil, dan hjerre jimme tsjin dy tiid it wol
At jimme ideeën ha foar in aktiviteit as ekskurzje kinne jimme dat altyd oan ús trochjaan.
Wy hope op in moai en gesellich jier meielkoar
Linda van Houten foarsitter
Buertferiniging de Heidebuorren Sumarreheide.
Sumarreheide is in buorskip dat leit oan e N356 tusken Sumar en Nijgea.
Sumarreheide hat in buertferiening mei de namme “de Heidebuorren” dy't oprjochte is op 24 oktober 1983.
De buertferiening bestiet út leden dy’t sosjaal belang hawwe by de Heide en wenje (of wenne hawwe) binnen it gebiet dat begrinze wurd troch de Joute van der Meerwei,
de Heidereed, de Polderdyk en de Boskwei.
It doel fan de feriening is it befoarderjen fan de sosjale kontakten om in sa hecht mooglike mienskip te foarmjen.
Dit wurdt dien, troch it organisearjen fan feestjûnen, spultsjes en oare aktiviteiten, sa, dat jong en âld har gerak krije.
Hichtepunt fan dizze aktiviteiten is it twa jierrich buert feest, mei moarns kofjedrinken in de tinte en spultsjes foar de lytse bern,
middeis spultsjes /seiskamp foar eltsenien en jûns in revu oer de heide,
skreaun en útfierd troch leden fan de buertferiening mei nei ôfrin dûnsje op livemuzyk.
Oan e Joute van der Meerwei tusken de N356 en de Hearewei leit noch in moai heidefjiltsje.
De natuer om Sumarreheide hinne is bjusterbaarlik moai om troch te kuierjen of te fytsen,
jo hawwe kans, dat jo ûnderweis ferskate soarten wyld, wêrûnder reeën, te sjen krije.
Om ek âld bewenners en oare belangstellenden op e hichte te hâlden fan wat der op ‘e Heide bart, is yn 2008 dizze website in it libben roppen.
Binne der suggestjes, foto’s, of oare saken oangeande Sumarreheide, dan kinne jo dat stjoere nei webinfo@sumarreheide.nl